11

11 De Delfeart giet wer iepen. Hiep hiep... De Surhústers wolle harren hobby’s wer oppakke. De darters, de kaarters, de biljerters, de brommerriders en de wat âldere Surhústers dy’t elke wike mei Janet allegearre dingen dogge, se wolle wer los. Der sille grif ek wer famyljes wêze dy’t harren feest yn it Doarpshûs hâlde wolle. Dat kin as de groep net al te grut is. Yn oerlis kinne wy maatwurk leverje. Der is in nije kassa kaam. Dêrmei kin der makliker besteld en ôfrekkene wurde. De blibliotheek foarhinne musykseal, is hielendal en biljertseal, opknapt. Der binne nije 1,5 m tafels makke. De Delfeart bliuwt yn beweging. Corona hat aardich húshalden yn de boekhâlding. Wy hawwe as bestjoer in taast yn de reserves dwaan moatten. Dêrom hawwe wy de prizen in bytsje ferhege en oars ferdield oer de ferskate produkten.

12 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication