13

13 Corona hat net allinne ynfloed op de jildsaken hân. Ek in protte frijwilligers hawwe oanjûn dat sy no oare dingen dogge as dwaan wolle en gjin tiid mear hawwe as frijwilliger by de Delfeart. Dat fine wy tige spitich, mar respektearje wy fansels ek. It betsjut wol dat wy no te min frijwilligers oerhâlde. Dus bêste Surhústers, jong en wat âlder, wy kinne wol in oantal nije frijwilligers brûke! Fine jimme it leuk om in oantal kearen per moanne as frijwilliger achter de bar te stean, gasthear as gastfrou te wêzen? Meld jimme dan oan by ien fan de bestjoersleden as fia info@delfeartsurhuizum.nl. Jimme kinne gratis in IVA (Instructie Verantwoord Alcoholschenken) training folgje. Ek foar it skjinmeitsjen sykje wy nije minsken. Foar dit wurk wurdt in frijwilligers fergoeding betelle fan € 5,00 per oere (max € 1.700,00 per kalinderjier). Ek hjirfoar graach oanmelde by bestjoer as fia it neamde mailadres. Sûnder de frijwilligers yn Surhuzum kin it Doarsphûs net draaije. Wolle jimme mear ynformaasje as hawwe jimme oare fragen. Wy heare it graach. Bestjoer Stichting Dorpshuis Surhuizum Sipelaksje Beste Surhústers, Op vrijdag 29 oktober a.s. is weer onze jaarlijkse sipelaksje. Deze keer hebben we de actie uitgebreid met de verkoop van aardappelen. Vanaf 17.00 uur komen we huis-aan-huis aan de deur met sipels en ierappels. (onder voorbehoud i.v.m. het corona-virus) De opbrengst is voor het jeugdwerk van PKN Surhuizum. Alvast bedankt voor jouw/uw steun! Jeugdwerk PKN Surhuizum Opbrengst collecte Nierstichting 2021 Dit jaar heeft de collecte voor de Nierstichting € 965,64 euro opgebracht. Alle Surhúster collectanten en gevers heel erg bedankt voor jullie bijdrage. Gryt Wijma

14 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication