7

7 Nijs fan Pleatslik Belang Besyk kolleezje B&W Op woansdei 29 septimber kaam it kolleezje fan B&W fan de gemeente Achtkarspelen op besite yn Surhuzum. Ferskate ûnderwerpen waarden besprutsen. Ten earste de besunigings op it sosjaal-kultureel wurk en wat dit betsjut foar Surhuzum. Der soe earst ek besunige wurde op it leefberheidsfûns, wêrfan Pleatslik Belang gruttendiels ôfhinklik is. Inisjativen út it doarp wurde hjirmei ek finansierd. Wethâldster Margreet Jonker sei ús ta dat dit fûns earst al bliuwe sil, mar it sil op in oare manier foarm jûn wurde. Hoe krekt is noch net bekend. By it besyk waard der fansels ek praat oer wenningbou yn Surhuzum en de wurkgroep wenjen dy’t hjirfoar oprjochte is. Mear nijs oer de wurkgroep kinne wy ynkoarten diele. Op de foto fan links nei rjochts: Harjan Bruining, Gerrit de Jong (PB), Jouke Spoelstra, Margreet Jonker, Klaas Pool (PB), Jan Rodenhuis (de Delfeart/wengroep) en Max de Haan. Boargemaster Oebele Brouwer wie ôfwêzich. Kern met Pit Hawwe jo wolris heard fan Kern met Pit? Wy noch net. Hjirûnder in koarte útlis dy’t op de webside fan Kern met Pit te finen is.

8 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication