9 Kern met Pit daget minksen út binnen in jier tiid har dream foar de buert te realisearjen. It kinne ferskate ideeën wêze: fan it opsetten fan in buert grientetún oant it organisearjen fan in doarpsfeest. Eardere foarbylden binne te finen op de webside fan Kern met Pit. Projekten dy’t binnen in jier realisearre wurde krije it Kern met Pit predikaat én € 1000,-. Dernei wurdt der in winner keazen per provinsje en dizze tolve winners kinne sels € 3000,- winne. Jo kinne jo oant 31 oktober registrearje foar Kern met Pit. Hawwe jo in moai idee? Diel it dan mei ien fan it bestjoer fan Pleatslik Belang of nim kontakt mei ús op fia pbsurhuzum@surhuzum.nl. De wintertiid Tink der om: op 31 oktober giet de wintertiid wer yn. Freonlike groetnis, Pleatslik Belang Surhuzum
10 Online Touch Home