3

3 Nijs fan Pleatslik Belang Bêste Surhúster, Nei Bûtenpost en It Fean komme no ek de oare doarpen yn Achtkarspelen yn oanmerking foar glêsfezel. Wy binne entûsjast en sjogge it as in grutte ferbettering foar ús doarp. Op 27 jannewaris waard Pleatslik Belang ien op ien ynformearre troch de minsken fan Deltafiber. Wy hâlde elkenien op ’e hichte fan it lêste nijs oer glêsfezel fia www.surhuzum.nl, de Facebookside SurhuzumNL en fansels fia de Grutte Gelf. Op it stuit fan dit skriuwen hat de ynformaasjejûn fan Deltafiber fan 2 febrewaris noch net west. Jo binne hjir al oer ynformearre fia de neamde kanalen. Jo sille ek geregeld berjocht krije oer de komst fan it glêsfezelnet fia de post. Surhúster flaggen Der binne noch Surhuster flaggen beskikber. De flaggen kinne ophelle wurde by Gerlof en Aafke Rijpma (mob. 06-25230527) oan de Uterwei 18. Der binne noch grutte (225 x 150 cm) en lytse flaggen (150 x 100 cm). De lytse flaggen kostje € 15,- en de grutte flaggen kostje € 35,- Wolle jo lid wurde fan Pleatslik Belang dan krije jo ienris € 5,- koarting. Wurd lid fan Pleatslik Belang as kom by ús yn it bestjoer Wy binne altyd oan it sykjen nei doarpsbewenners dy’t tegearre mei ús fanút Pleatslik Belang graach wat foar it doarp dwaan wolle. Wa dit leuk liket is fan herte wolkom om in kear by in gearkomst oan te slúten. Wy bliuwe ek op syk nei nije leden. Guon minsken witte net krekt wat Pleatselik Belang docht. Dêrom hawwe wy in moaie flyer meitsje litten. Dizze stiet op de folgjende side. Foar mear ynformaasje oer glêsfezel, Surhúster flaggen as lid wurde fan Pleatslik Belang kinne jo in mailtsje stjoere nei pbsurhuzum@surhuzum.nl Freonlike groetnis, Pleatslik Belang

4 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication