20 Mandeguod Update plan Boppeslach, we gean as in raket! Yn de foarige edysje fan de Mandeguod koene wy jimme meidiele dat we echt fysyk útein setten binne. De wiken dy’t dêrop folgen hat plan Boppeslach net stilsitten. Wy litte jim graach witte hoe’t it der foar stiet mei dizze update. De finansiering giet dat it slydjaget De ôfrûne moanne binne de folgjende bedraggen foar Plan Boppeslach tasein: € 40.000 Mienskipsfûns Ljouwert, € 20.000 Oranjefonds, € 2.500 Beste idee van Friesland, € 2.500 Fons Bolsward-Dronrijp 1993, € 2.000 Corneliastichting. De snelle rekkeners ûnder ús komme dan út op in bedrach fan mar leafst 67.000 euro, de teller komt dêrmei yn totaal op € 271.500 euro, gewéldich! De sportferieningen binne noch benadere om in bydrage by NL Doet oan te freegjen foar meubilair op it nije Wjukkenterras. Hooplik wurde de bedraggen fan € 350,00 per feriening foar maart 2022 ek takend. Mei it binnenkommen fan jild, kinne ek de earste útjeften dien wurde. Sa is no de beweechtún besteld, dizze sil yn it foarjier pleatst wurde op it sportterrein. Yn de beweechtún komt in fariearre gearstalling fan beweechtastellen, tagonklik en wurkber foar elkenien. Skatebaan De gemeente Ljouwert hat oanjûn dat de skatebaan aanst wol in treastleas oansjen hat yn sa’n moai plan. Se ha by ús de fraach dellein wat we mei de skatebaan wolle. Moat dizze bestean bliuwe en opknapt wurde of moat der wat oars komme? We hearre graach jim ideeën op boppeslach@wjukken.nl sadat we dy meinimme kinne yn de oerlizzen mei de gemeente. Aksjes Rekken hâldend mei jildende maatregelen is de akjeskommisje drok dwaande mei it betinken en útfieren fan in ferskaat oan aksjes. By it útkommen fan dizze edysje fan de Mandeguod hat de âldjiersdei mei de Hassiebassie kuiertocht tegearre mei Borrelje foar Boppeslach plakfûn. Stichting Doch Dyn Dream en plan Boppeslach ha foar dizze
21 Online Touch Home