25

januari 2022 25 Hoefolle tiid bist hjir mei dwaande? Dat is hiel wikseljend. Somtiden alle dagen, mar soms ek ien kear yn ’e wike. Yn ’e winter stiet it op in leech pitsje, want dan is it te kâld yn it atelier. Wat fynt de rest fan dyn gesin fan dyn hobby? Myn man fynt it hiel moai dat ik mei klaai dwaande bin. De bern en bernsbern fine it hiel leuk as ik wat foar harren meitsje. Us jongste dochter en de bernsbern komme wolris lâns om gesellich yn it atelier wat te meitsjen. Wat is it meast bysûndere datst ea makke hast? Dat wie it meitsjen fan in urn yn opdracht. Soks is fansels in hiel persoanlik en emosjoneel barren. Hiest as jong famke al yntersse foar pottebakken? Ja. Ik wie altyd al dwaande mei tekenjen, skilderjen, toanielspyljen en knutseljen. Doe sei myn man dat ik better ien ding dwaan koe om my dêr dan ris goed yn te ferdjipjen. Doe tocht ik: ‘Dan gean ik foar it pottebakken’. Dat hie ik altyd al graach ris dwaan wollen. Dus dêrnei ha ik fiif winterskoften op kursus west. Hast noch winsken wat ast noch wolris meitsje wolst? Net spesjaal, mar wat ik wol hiel leuk fyn is dat ik yn febrewaris 2022 mei doch oan in eksposysje fan keramisten yn Emmen.

26 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication