januari 2022 37 typen, de Dokkumer keapman dy’t fansels stedsk prate, de boer, de âldfaam en oare nuvere pertretten. Ik haw him in tal jierren lyn nochris foarlêzen by Tusken Tsjerke en Kroech, by Cor en Ingrid yn’e keamer. Nei de oarloch waard it stasjon net mear brûkt, foar it inkelspoar tusken Ljouwert en Starum waard Mantgum it wikselplak, se kamen inoar dêr tsjin, mar men koe net ynstappe. Dat feroare yn’e jierren santich, Mantgum waard wer stasjon en doe hawwe se dat âlde, smûke en skilderachtige stasjon mar ôfbrutsen, want ja, wy moatte wol mei de tiid meigean, no? It siichde dêr ek altiten, hin? Dat kinne jo noch moai sjen op’e âlde foto: der leit in ramtwurk op it dak fan it wengedeelte fan it stasjon, der koe ris in dakpanne delwaaie yn in wat al te fûle hjerststoarm. En dêrom sille se it stasjon ek wol sloopt hawwe yn 1973, de NS nimme gjin risiko’s, hin? Dêrom rieden de treinen ek net, doe’t der wat snie op ’e rails waaid wie, se neamden dat doe ek noch “extreem weer...” No ja, Mantgum hat it fijnste stasjon fan Fryslân en dat jout gelokkich wer in protte ynspiraasje foar Mantgumers mei nocht oan ’ e pleatslike skiednis. Liuwe van der Meer
38 Online Touch Home