januari 2022 41 út minsken dy’t yn it mear of minder resinte ferline aktyf by de Spulwike belutsen west hawwe, te witten: Trienke Poelstra, Jelle Wierenga, Jansien Kamstra, Klaas Siderius, Boukje Kamphorst en Tsjerk Bottema. Wy roppe elkenien op syn of har oantinkens oan de Spulwike, as bern, lieding, âlder, materiaalman of -frou, pankoekmem of -heit, of alles tagelyk, mei ús te dielen. Dat kin yn ferskillende foarmen. Dyn bydrage kin de foarm hawwe fan: • In kolumn (rjochtline maksimaal 350 wurden) • In anekdoate (rjochtline maksimaal 750 wurden) • In fraachpetear (rjochtline maksimaal 1500 wurden) • In gedicht (gjin beheinings) • Foto’s mei byskrift (allegearre wolkom, mar tink om resolúsje en byldkwaliteit) • Argyfstikken oer de Spulwike, út kranten en oare media (by foarkar digitalisearre) Jou yn dyn bydrage oan yn hokker tiidrek dyn oantinken spilet, of út hokker Spulwikejier dyn foto’s komme. It jubileumboek beslacht fiif desennia: de jierren santich, tachtich, njoggentich, nul én tsien oant en mei ienentweintich. Fan elke fiif jier fan dy desennia wol wy graach moaie ferhalen by elkoar bringe. Hast in geweldich idee foar in bydrage, mar fielst dy wat beheind troch de hjirboppe neamde tekstsjenres? Gjin punt; yn oerlis mei de redaksje is der in soad mooglik. Bist sels net sa’n skriuwer, mar sitst wol fol mei ferhalen oer de Spulwike? Gjin punt, de einredaksje komt graach by dy del om dyn ferhaal op te tekenjen. Alle bydragen dy’t wy binnen krije, krije sowieso in plakje op de webside. In seleksje fan ferhalen en foto’s nimme wy graach yn it jubileumboek op. Set dyn bydrage op de mail nei: spulwikejubileumboek@gmail.com. Stjoer dyn bydrage yn foar 1 maart 2022. Wy binne benijd nei dyn ferhaal! Hertlike groetnis fan de einredaksje fan it Spulwike Jubileumboek, Boukje, Klaas, Jansien, Jelle, Trienke en Tsjerk.
42 Online Touch Home