januari 2022 5 De earste helte fan dy tocht ha ik ek wol in kear of wat mei ús eigen bern dien doe’t se lyts wiene, mar dan koene je noflik yn Mantgum útstappe. Boppedat soe ik ek net witte hoe’t je tsjintwurdich op redens oer it Van Harinxmakanaal hinne komme – eat dat yn earder tiden blykber noch wòl mooglik wie. In oare kear dat ik ynstappe mocht yn de trein wie yn 1963: Mantgum wie ynsnijd, en de middelere skoalbern koene net nei skoalle ta. Oant de NS besleat dat der foar de gelegenheid yn Mantgum ynstapt wurde mocht. Ik wie de iennichste dy’t nei Snits ta moast (fanwege de doedestiids minne ferbinings nei Snits ta gong frijwol elk nei it middelber ûnderwiis yn Ljouwert) en sa koe ik doe yn de Snitser trein klimme. Sûnder perrons binne dy treinen ferrekte heech! Wat fansels ek al lang net mear yn funksje is: it sjarmante stasjonskofjehûs dêr’t Jentsje en Metsje Miedema (sjoch de foto fan Liuwe syn artikel) de skepter swaaiden. Neffens de ferhalen sei Jentsje’ Metsje destiids: “Eartiids hie ik altyd de kofje klear, en dan woene de minsken drank ha. No ha ik de drank klear stean, en dan wolle se kofje ha.” Mar wierskynlik soene de measte minsken it harren tsjintwurdich ek net mear oan tiid dwaan om noch oan te stekken yn it stasjonskofjehûs… Hoe dan ek, it is altyd moai om efkes te mimerjen oer hoe’t it Mantgumer stasjon der èk út sjen kind hie… Lys Scarse
6 Online Touch Home