De staatsiefoto van de auto, met Wapen van Baarderadeel en het oude nummerbord Wow! Yn dy krappe neioarlochske tiid fan 1950 wie dat keningsiten! En wolst it leauwe of net: dizze brânspuit út 1923 is noch altyd te bewûnderjen! Hy stiet as museumstik te pronk yn de brânwarkazerne yn Epe. Hy sjocht der prachtich út, eins noch krekt-en-gelyk sa’t Simen Jongstra de auto yn 1950 nei de Venz-fabryk ried! Hy rydt net mear, mar in stikmannich minsken fan de frijwillige brânwar dogge yn de Eper brânwarkazerne alle war om him ea wer oan ‘e praat te krijen. Sa no en dan lizze se bygelyks ek de houten tsjillen yn it wetter om foar te kommen dat it hout útdrûget en krimpt, want oars soene de rubberen bannen te wiid wurde foar de tsjillen. Dus wa wit, kinne we dy brânspuit ea noch ris riden sjen! Foardat de spuit yn Epe bedarre hat er noch jierren tsjinst dien by de Venz-fabryk! De letters ‘Baarderadeel’ waarden uteraard ferfongen troch it fergulde logo fan Venz en alle moannen waard de Magirus fan stâl helle foar in blokje om. Se pompten dan wetter út it Apeldoorns kanaal om te sjen oft de spuiten it allegear noch wol diene. Nei 35 jier tsjinst by de Venz-fabryk hiene se de Magirus dêr net mear nedich en sa is de brânspuit by de gemeente Epe bedarre. No fregest dy miskien ôf ofst dy nije brânspuitauto út 1950 ek earne bewûnderje kinst. Gjin idee wat dêr mei bard is, mar der binne wol in stikmannich prachige foto’s fan. It wie sa’n moai 1950-model mei in rûne achterkant: it die je suver wat tinken oan de berneweinen fan de fyftiger jierren. Hielendal hip yn dy tiid... 20 Mandeguod
23 Online Touch Home