23

Eelkje hat fan jongs ôf eins altyd in bytsje ‘brânwarfrou’ west, har heit Symen en har man Ynte wiene beide brânwarman. As jong famke tekene de brânwar ek altyd al in partsje fan har libben. Wie der brân, dan gong Valk, de gemeentekonsjerzje, mei in toeter troch de buorren om elk te warskôgjen. Foar Eelkje, har mem en har suske betsjutte dat dan: aksje! De iene skode Jongstra syn fyts nei bûten, de oare sette syn learzens klear, en de tredde lei syn brânwarklean klear… En dan Jongstra as de duvel nei de brânwargaraazje, dy’t jierrenlang in part wie fan it eartiidske gemeentehûs – no ek noch altyd dúdlik te sjen oan de rjochter kant fan it gebou. Jongstra fleach bytiden sa hurd op syn fyts nei de brânwar garaazje dat er ien kear hast tsjin kollega-brânwarman Anne Leegstra op botste. Dy kaam fan de doe noch dearinnende Master Jansenstrjitte jakkerjen, ek op syn fytske. No tinke jo miskien: mei sa’n behyplik weintsje is it dreech om alle brannen en brantsjes de baas te bliuwen. Mar ferjit net dat Mantgum yn dy tiid gâns lytser wie: de Seerp van Galemawei wie de ‘grutte’ dyk dy’t troch de buorren slingere, mei wat útrin nei de dwarsstrjitten De Wâl en de Dokter Fokkewei, de Frijbuorren en de Fearhûshoeke, de Master Jansenstrjitte dy’t net fierder rûn as de huzen Bovenste rij: Hidde Jonker, Joh. De Bruin, Ynte v.d. Veen, G.J. Noorman, Jouke de Groot, Onderste rij: S. Spoelstra, Y. Rijpstra, Anne Leegstra, Piet Tolsma Mandeguod 21

24 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication