24

fan Wim en Feikje en Michel en Akkie en De Kamp dy’t by de pleats fan Bottema ophold. Dat wie it… Mear wie der net. Wol mei in soad minsken fansels, want men moast doe mei hiel wat minder romte ta as tsjintwurdich… Sa no en dan hiest wol in gruttere brân fansels. Ien fan de brânnen dêr’t Eelkje noch fan wit wie de brân fan it âld pleatske op ‘e Kamp. It wie 1951 doe’t it pleatske ôfbrânde. Hoe’t dy brân samar ûntstean koe – men wist it net. Enfin, op de fûneminten fan it pleatske waard in nije dûbele arbeiderswente boud. Doe’t de wurklju oan it mitseljen wiene, waard harren oandacht lykwols lutsen troch de rúzje fan twa jonkjes. Beide rôpen se tsjin inoar: “Do hast it dien! Do hast it dien!” Doe’t de manlju harren útkloarken oer wat dy jonkjes dan dien hiene, kaam de moard út! Se hiene mei lúsjefers oan it boartsjen west en dat wie dus de oarsaak fan it opbaarnde pleatske… 1962 brandweer Achterste rij: Joh. De Bruin, Frits de Groot, Piet Tolsma, Klaas Bosma Voorste rij: Hindrik Kirkenier, Anne Leegstra, Jaap Oostra, Ynte v.d. Veen, Sijb. Hempenius 22 Mandeguod

25 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication