Poëzykursus Yn ‘e maaitiid hat de redaksje fan Mandeguod de bewenners fan Mantgum in workshop gedichten skriuwe fan Elmar Kuiper oanbean (wûn mei it bêste Frysktalige stik fan 2013 yn ús gemeente). Dat wiene tige slagge jûnen. De dielnimmers wiene tige enthousiast en no sille wy yn jannewaris útein sette mei in kursus POEZY, 8 lessen fan 2,5 oere. We sille oefeningen dwaan om it skriuw proses op gong te helpen, om de holle leech te meitsjen, it brein ôfwetterje te litten, sadat it frijút streame kin! De sensor yn de holle moat sa no en dan efkes fuortstjoerd wurde! Yn de les is in soad romte foar eigen ynbring, teory heart der ek by en fansels geane we aktyf oan it wurk: we skriuwe, plakke/knippe, tekenje, prate, laitsje en genietsje. Yn de lessen komme de folgjende ûnderwerpen foarby: les 1. Byldfers; les 2. Sintúchlike sensaasjes en poëzy; les 3. Gefoelswearde fan it wurd; les 4. Ritme en metrum; les 5. Byldspraak; les 6. Objekt en poëtyske brief; les 7. Ynspiraasje en passy; les 8. Pionier, eigenheid en taal. In elk kriget nei elke ‘les’ in opdracht mei nei hûs. Meastentiids sil it in opdracht wêze dy’t foar elkenien itselde is, mar it kin ek wêze dat immen spesifyk wat mei kriget. Elmar sil it húswurk neisjen en we beprate it mei-inoar yn de earstfolgjende les. Doel is om de gefoelige ‘skriuwsnaar’ by jimme te reitsjen! Der is plak foar maks 10 minsken, wy binne op it heden mei acht, dus twa kinne der noch by. Wa doart it oan? Kosten: 60 euro, 8 lessen Ynformaasje: Anna Christien Piebenga, 06 46 084 772 januari 2015 Mandeguod 9
12 Online Touch Home