Twa nominearre doarpskranten foar bêste Frysktalige doarpssjoernalistyk Alle jierren skriuwt de gemeente Littenseradiel in wedstryd út foar de bêste Frysktalige bydrage oan de 'doarpssjoernalistyk'. In karkommisje nominearret trije stikken foar de priis. Diskear komme twa fan de trije nominearre stikken fan ien doarpskrante: ‘De Rûnkranter’ fan Weidum, Jellum en Bears. It oare nominearre stik komt út de Mantgumer doarpskrante ‘Mandeguod’. Op de gemeentlike Nijjiersresepsje op 5 jannewaris sil de boargemaster de winner bekend meitsje. De karkommisje De ‘Karkommisje Frysktalige doarpssjoernalistyk Littenseradiel’ dy’t alle bydragen besjoen hat, bestiet út Jan Schotanus út Easterwierrum, Djoke Kooijmans út Wommels en Sjoerd Bottema út Weidum. De sjuery hat lang lêzen, doe fergadere en trije stikken nominearre, dy't kwa nivo hiel ticht by elkoar sitte. De sjueryleden fûnen it nivo fan de stikjes diskear wer behoarlik heech. De nominearren De trije stikken dy’t nominearre binne foar de priis binne 'Wat jonges dogge...' en 'Blik op it ferline - In wiidferneamd stasjon' beide út De Rûnkranter. It tredde nominearre stik is 'De propeller' út Mandeguod. Doarpskrante Mandeguod hat yn 2011 ek nominearre west en wûn ferline jier de priis. Foar De Rûnkranter is it de earste kear dat se nominearre binne foar de bêste Frysktalige doarpssjoernalistyk. Prizejild It kolleezje fan boargemaster en wethâlders hat besletten om it prizejild fan € 500,00 net mear oan ien stik ta te kennen mar te ferdielen oer de trije bêste Frysktalige stikken. Boargemaster Liemburg: “Dat der de ôfrûne jierren mar ien priiswinner wie, die gjin rocht oan de oare moaie Fryske stikken dy’t ferskynd binne.” De winner fan de earste priis krijt in jildbedrach fan € 250,00, de twadde priis is € 150,00 wurdich en de tredde priis €100,00. Frysk stimulearje De gemeente skreau de wedstryd út om it gebrûk fan it Frysk ekstra nijsgjirrich te meitsjen foar de skriuwers fan doarpskranten en doarpswebsiden. Om te bepalen wa’t de priis winne moast, binne de doarpskranten dy’t by de gemeente binnenkamen yn ‘e gaten hâlden. Skriuwers fan doarpskranten en –websides koenen harren Fryske stikken ek ûnder de oandacht bringe foar dizze priis troch se op te stjoeren. januari 2015 Mandeguod 37
40 Online Touch Home