34

Teater en liturgy – liturgy en teater. Doe’t er fan ’t simmer op ien fan dy waarme dagen by ús lâns rûn mei sa’n moai strieën huodsje op, fûn ik him suver wat mediterraansk! Moai trouwens, hoe’t sokke ferûnderstellingen fakentiids folslein mis binne. Want it wie yn ‘e stêd Dokkum dêr’t hy op ‘e wrâld kaam, oan board fan it turfskip fan syn âlden. Hoe is Andries Kobus fan dat turfskip yn de Fryske noardeasthoeke wei no yn Mantgum fersile rekke? Mei in moai soad omwegen! Doe’t Andries noch in lyts jonkje wie, song syn mem - mei Andries op skoat - by skimerjûn altyd âlde lieten foar him. Hja spile ek op de akkordeon, en sa wie muzyk al rillegau in ûnderdiel fan syn libben. It libben op in skip joech fansels ek schwung: heit farde op de Grinzer feankoloniën. De earste trije bern fan de húshâlding binne berne op it skip, mar doe’t de âldste – Andries – seis jier waard, kaam syn mem mei de húshâlding op ‘e wâl te wenjen, want hja woe net dat de bern yn in skippersynternaat nei skoalle moasten. De jongste fjouwer bern binne net mear op it skip berne, mar sadree’t it fakânsje wie, fear de hiele húshâlding wer mei heit op it turfskip. Omdat Andries goed leare koe, fûnen syn ûnderwizers dat er nei it gymnasium moast. Dat gong te mâl, ornearre heit; mar mem sei dat dat al wêze moast. “Earst wie ik in hiel dimmen jonkje”, fertelt Andries, “mei altyd de noas yn de boeken.” Mar doe’t er yn de fjirde klasse siet beluts ien fan syn klassegenoaten him by it kabaret, en doe kaam er yn syn elemint: teater, dat wie it hielendal! Hy bleaun doe ek fuortendaliks sitten, mar de oanset foar syn karriêre wie der. Yn teater koe Andries alles kwyt: sjonge, dûnsje, muzyk, it teater hat alles! En dat wie net alles: omdat hy altyd al spiritueel ynteressearre wie, omdat religy ek doe al wichtich foar him wie, woe hy syn ambysje ek realisearje: hy soe 32 Mandeguod

35 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication