31

Witte jim dat…? de oplossing fan de Krystpuzel út de foarige Mandeguod foar 5 jannewaris yn de brievebus fan Hette van der Wal oan it Stalt 1, Mantgum binnen wêze moat? Kom op puzelders, efkes de fuotten strekke om de fotolokaasjes op te sykjen. Boppedat binne der moaie pryskes te winnen. de oplossing van de Kerstpuzzel uit de vorige Mandeguod voor 5 Januari in de brievenbus van Hette van der Wal aan it Stalt 1, Mantgum binnen moet zijn? Kom op puzzelaars, even de benen strekken om de fotolokaties te zoeken. Bovendien zijn er mooie prijsjes te winnen. Witte jim dat…? de ‘Karkommisje Frysktalige doarpssjoernalistyk Littenseradiel 2016’ trije stikken nominearre hat út doarpskranten Ut ’e Buorfinne fan Wjelsryp, De Hiele Toer fan Jorwert en Mandeguod út Mantgum? Op de gemeentlike Nijjiersresepsje op moandei 2 jannewaris sil boargemaster Johanneke Liemburg de winner bekend meitsje. De trije stikken dy’t nominearre binne foar de priis binne ‘De Stienmurd’ út ‘e Buorfinne fan Wjelsryp, ‘Dweilstik’ út it De Hiele Toer út Jorwert en ‘Teater en Liturgy’ út de Mandeguod út Mantgum. It prizejild fan € 500,00 wurdt ferdield oer de trije nominearren. De winner fan de earste priis krijt in jildbedrach fan € 250,00, de twadde priis is € 150,00 wurdich en de tredde priis € 100,00. It jild is net foar de skriuwer fan it stik mar foar de krante, om sa de kwaliteit noch fierder ferbetterje te kinnen. Witte jim dat…? (Brekkend nijs!) De âlderkommisje fan de Gielguorde in cheque ûntfongen hat fan € 12.500,-fan Coöperatiefonds Rabobank Heerenveen-Zuidoost Friesland. Doel: it opfleurjen fan it skoalplein mei boarterstastellen. Mear hjiroer yn de folgjende útjefte fan de Mandeguod. De oudercommissie van de Gielguorde vandaag een cheque ontvangen heeft van € 12.500,-- van Coöperatiefonds Rabobank Heerenveen-Zuidoost Friesland. Doel: het opfleuren van het schoolplein met speeltoestellen. Mandeguod 29

32 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication