33

Witte jim dat…? By Wiebe en Diny de Vries oan de Grêft in iisfûgelsje tsjin it rút fleach en foar dea del foel? Nei it jaan fan in pear dripkes wetter kaam it wer by kennis en fleach de wide wrâld wer yn. Miskien wol deselde dy’t op de foarplaat fan de Mandeguod fan desimber stie…. Bij Wiebe en Diny de Vries aan de Grêft een ijsvogeltje tegen het raam gevlogen is en, door de klap, voor dood neer viel? Na een paar druppeltjes water kwam het weer bij kennis en vloog het de wijde wereld weer in. Misschien wel hetzelfde vogeltje dat op de voorplaat van de Mandeguod van december stond….. Aksje by Tusken tsjerke en kroech It nije jier is begûn en wy ha noch op ‘e kop ôf in fearnsjier (3 moanne) de tiid om alles foar elkoar te breidzjen: sneon 1 april is’t safier! Op 17 jannewaris is der yn mfc Wjukken in bijienkomst om de itensieders by te praten en om te oerlizzen wat der klearmakke wurdt. Hast gjin mailtsje hân, mar wolst wol hiel graach meihelpe? Dan kinst dy oanmelde by Miranda Van der Steen of by Ada Middelweerd fia: frisia1874@gmail.com. Kinst ek gewoan nei De Wjukken komme om 20.00 oere: wy binne hartstikke bliid mei dy! Foar de dielnimmers, de spilers fan Tusken tsjerke en kroech is der op 25 jannewaris in bypraatjûn yn De Wjukken. Wa docht wat, wannear wurde de generales ynplend en watfoar lokaasjes binne der beskikber? Datsoarte saken rinne wy even troch. Fansels ek om te witten wa’t allegear wat dogge mei Tusken tsjerke en kroech. Alfêst in oprop: wa hat in waarmhâldplaatsje te lien foar ús, dat wy 1 april brûke meie? Op stroom of mei waksineljochtsjes, (gjin ljochtsjes mei floeibere oalje). Graach in mailtsje nei frisia1874@gmail.com. Kokers opgelet: 17 januari informatieavond in de Wjukken, om 20.00 uur. Wie heeft er een warmhoudplaatje voor ons te leen op 1 april? Frisia1874@gmail.com Bestjoer Frisia Mandeguod 31

34 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication