Nieuws van de kaatsvereniging "Keatsen bliuwt moai wurk" It jeugdbestjoer fan keatsferiening Jacob Klaver noeget jo út mei te tinken oer de takomst fan it jeugdkeatsen. Op dizze jûn stiet der ien fraach sintraal wer’t we it graach mei jo oer ha wolle. Wat is der foar nedich dat it jeugdkeatsen yn Mantgum fierder ûntwikkelt? De gearkomste duorret heechút twa oeren en foar de leafhawwer stiet der nei de tiid in drankje klear. Wy hoopje as jeugdbestjoer mei jim in plan te meitsjen wer’t de stim fan it doarp yn meinaam wurdt. Hjirmei kin it jeugdbestjoer de koers wer fierder útsette. Wy organisearje dizze gearkomste net om’t it min giet mei it jeugdkeatsen, al merke wy lyk as oare ferienings wol dat it dreger wurdt. Wy binne op syk nei oare ideeën. It makket dizze jûn net út of ‘t jo lid binne as net, we binne op syk nei ideeën en dy kinne miskien wol út in ferrassende hoeke komme. “út de box” tinke sprekt ús oan. It is in gearkomste foar ien kear, meitinke is wat wy freegje. We binne net spesifyk opsyk nei bestjoersleden. In kear meielkoar neitinke oer de takomst liket ús in moaie manier om dizze geweldige sport wer in moai setsje te jaan. Wês wolkom! Wannear: Hoe let: Wêr: freedtejûn 27 jannewaris 2017 19.30 oere MFC de Wjukken Mantgum Mei freonlike groetnis, Jeugdbestjoer Jacob Klaver Baukje, Lyssa, Gerbrig en Ilse. Mandeguod 33
36 Online Touch Home