De bosk Ien beam noch te gean it soe maklik wêze kinne in pear sekonden en oer is it dit swalkjen troch de dagen hjir en dêr hâldfêst finend oan in dikke tûke Ik hingje der in tou yn slingerje mysels fan beam nei beam laitsjend foar salang it duorret oant de sinne sakket en de moanne mar net skine wol Ik meitsje yn de moarntiid in skommel foar it bern omdat de beam it fertsjinnet in bern ûnder har tûken te hawwen fan it begjin en net allinnich fan de ein ferslein ien beam noch te gean hjoed as moarn It famke laket as har fuotten de wolken hast reitsje it tou op syn strakst de wyn troch har hier de wrâld in boartersplak foar wa’t noch skommelje kin Pieteke de Boer Mandeguod 49
52 Online Touch Home