Tusken Tsjerke en Kroech 2018 De lêste jierren hat it bestjoer fan Frisia1874 in protte help hân fan Mantgumers by it sieden fan in streksum miel iten foar de dielnimmers oan ús kultuertocht. Der is in fêste kearn ûntstien fan keukenprinsen en keukenprinsessen dy't mei harren gerjochten hast meunsterje kinne tsjin in ien-stjerrerestaurant; mar der falle ek wer itensieders ôf, fandêr in oprop fan it bestjoer oan'e Mantgumers: hawwe jimme talint foar it meitsjen fan in goed miel iten of in kreatyf neigesetsje? Jou jim dan op by ús bestjoerslid Miranda (Frisia1874@gmail.com), dan krije jim de kommende moannen wol berjocht oft jo mei itensiede meie! It seit himsels dat de kosten dy't jim meitsje moatte foar de gerjochten troch Frisia1874 fergoede wurde. No ja, de kaviaar en de truffels net, mar dat sprekt foar himsels. Yn'e rin fan febrewaris krije jimme de trije programma's te lêzen; de plakken wêr't de barrens plakfine sille, bliuwe fansels geheim oant de dei sels. Sa, wy winskje jimme goede krystdagen ta en alfêst in goed begjin fan 2018! It bestjoer fan Frisia1874 Bestuurswijzigingen WWC Op de jaarvergadering van WWC op 7 december 2017 in cafe Bonnema vond de bestuursverkiezing plaats. Jelmer Jonker heeft als voorzitter het bestuur verlaten. Bedankt Jelmer voor al je inzet van de afgelopen 5 jaar! Bestuur KV WWC Mandeguod 21
24 Online Touch Home