27

Nieuws van Dorpsbelang Mantgum (DMS) In nij jier! As dizze Mandeguod by jo op 'e matte falt sil it krekt al, as krekt noch net, 2018 wêze. Ald en nij, it lykje twa gewoane dagen lykas alle oare dagen. Dochs binne se krekt wat bisûnderder. Foar guon minsken it momint om harren goede foarnimmens út te fieren. Dyjinge winskje ik in protte sukses (of miskien wol sterkte) om it fol te hâlden. Foar in protte ûndernimmers is dit it momint om de boeken ôf te sluten. De tellers steane wer op nul. En foar ús doarp? Ja, ek foar Mantgum binne it twa aparte dagen: de iene dei falle we noch ûnder de gemeente Littenseradiel. Mei it ferspringen fan de sekondewizer hearre we samar by de gemeente Ljouwert. 2018 sil in jier wurde fan ûntdekken. Fan alles is krekt wer jusjes oars as wat we wend wiene. It is ek it jier fan KH2018/LF2018. Fryslân sil brûzje: oeral en nergens kinne jo genietsje fan ferskate keunst. Ek yn Mantgum is der in fanatike groep drok mei. Der wurdt hurd wurke oan it projekt "De man dy’t hout dûnsje liet". (Sjoch efkes op de side fan www.underdetoer.nl, dêr kinne jo der mear oer fine) In sintraal tema by LF2018 is 'mienskip'. In o sa moai ûnderwerp. Mienskip: we dogge it mei inoar. Alle deistige saken, nije ûntwikkelingen, it lok en leed. En dat is krekt it tema dat goed by ús doarp past: mienskip! We moatte mei inoar troch de tiid. Mei-inoar it inisjatyf fan "De man dy't it hout dûnsje liet" stypje. Dat kin mei jild (sponsoring troch de bedriuwen en donaasjes ensfh.) en mei jo ynset. Jo krije der wat moais foar werom: tankberens. En dy mienskip jildt ek foar oare saken. Mei inoar de ferienings oan 'e gong hâlde. Komt der ien oan 'e doar te freegjen om help as bestjoerslid of as frijwilliger, hâldt dan yn jo efterholle dat we it mei inoar rêde moatte (frijwilligers binne ûnbetelber!). Mei inoar it doarp kreas hâlde (ek efkes it ôffal bûten de eigen tún meipakke). Mei inoar op de oar passe: binne der minsken yn jo strjitte dy't help brûke kinne? Bied it oan! Ha jo sels help nedich: doar it te freegjen! Troch mei inoar de skouders der ûnder te setten hâlde we ús doarp libjend en meitsje we der in moai 2018 fan! Ik winskje jo en dy in goed 2018 ta! Sipke Dijkstra, foarsitter doarpsmienskip Mantgum Mandeguod 25

28 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication