39

De man dy’t hout dûnsje liet Dûns- en teaterfoarstelling – houtfestival Allegear de bêste winsken foar it nije jier en wy hoopje fansels op in prachtich houtfestival yn en om de Wjukken en in moaie rige dûnsfoarstellingen yn ‘e tsjerke. Op de foto’s krije jim in yndruk fan de repetysjes. Hjirby de flyertekst. Foar de ynwenners fan Mantgum ha wy noch in aardich nijtsje. De kaarten dy’t yn Mantgum by bakker Sybesma te keap oanbean wurde jilde € 12,50. Fia de webside kostje kaarten € 15,00 it stik: www.dunsjendhout.nl Dûns- en teaterfoarstelling Houtklopjen. Golvjende blombledsjes, hast echte trompetten. Bibelske taferielen oan ‘e bûtekant fan ‘e preekstoel. Tear en beweechlik… mar fan hout. It libben en it prachtige houtsnijwurk fan Hermannus Berkenbijl krijt yn de Mariatsjerke fan Mantgum romte om ferteld en útbylde te wurden troch de mienskip. Mei dûns, teater en muzyk - makke mei houtsnijgelûden - in bysûndere belevenis dy‘st net misse meist! De foarstelling is in ‘Under de toer’ projekt. Mandeguod 37

40 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication