Besikers wurde fan it treinstasjon ôf oer it wetter nei de foarstelling ta fearn en wurde fia it doarpshûs ‘Wjukken’ nei de Mariatsjerke tabrocht. Sjoch en erfaar hoe’t it hout dûnset! Wannear? Woansdei 21 febrewaris oant en mei 27 febrewaris; Woansdei 21 febrewaris premjêre 19.30 ûre Tongersdei 22 febrewaris: 16.00 ûre Freed Sneon Snein Moandei Tiisdei Wa? 23 febrewaris: 19.30 ûre 24 febrewaris: 16.00 ûre 25 febrewaris: gjin foarstelling 26 febrewaris: 19.30 ûre 27 febrewaris: 19.30 ûre Allegear spilers en dûnsers dy’t mâl mei Mantgum binne. Hoe let en wêr? Start 19.30 ûre op stasjon Mantgum (Arriva treinen út Ljouwert en Snits slute hjir op oan, mar der binne ek parkearplakken). Tagongskaarten: € 15,00 te bestellen fia: www.dunsjendhout.nl Houtfestivalwykein Hout libbet, hout dûnset! Dêrom is der ek in houtfestival yn Mantgum mei houtbewurkers rûnom wei. Oeral yn mfc Wjukken hearst seagjen en sjochst de prachtichste keunstwurken fan hout. Mar hout is noch folle mear, wy litte sjen wat der allegear mei hout mooglik is. Kom ek, rin lekker troch de houtspuonnen of doch mei oan in workshop. Der binne houtbewurkers út it hiele lân wei, witst net watst sjochst. Wat tinkst fan kettingseagekeunstners, hout dat bûchd wurdt troch stoom of reuzegrutte bollen dy’t út in beam seage wurde? As klap op de fjoerpylk ha wy de grutste houtboekeruilbeurs fan Europa! Kinst de boeken ruilje of keapje. Wannear? Sneon Snein Wêr? 24 febrewaris: 25 febrewaris: Tagongskaarten: Ynfo www.dunsjendhout.nl Facebook: Twitter: Regy: Tekst: Produksjelieding: 13.00 – 22.00 ûre 13.00 – 20.00 ûre Mfc Wjukken € 4,00 (ynklusyf kofje); bern o/m 12 jier €1,00 (ynklusyf ranja) @De man dy’t hout dûnsje liet @Dunsjendhout Willy van Assen en Rianne Hogeveen Raymond Muller en Zen Roorda Amarins Jansma Mandeguod 39
42 Online Touch Home