53

it foarstel binnen in jier mear as 1 miljoen hântekenings, ferspraat oer de EUlannen, dan sil it foarstel behannele wurde troch de Europeeske Kommisje. It is dus in mooglikheid om ûnderwerpen op ‘e aginda te setten dy’t oars net behannele wurde soenen. De MSPI is it inisjatyf opset troch FUEN en harren leden (ûnder oare de YEN). De Minority Safepack is in set fan foarstellen om minderheidsrjochten yn ‘e EU te ferbetterjen. Mei it ûndertekenjen fan it inisjatyf ûndertekenest it hiele pakket fan foarstellen. Wêr giet de Minority Safepack oer? De Minority Safepack is in samling fan njoggen foarstellen om de minderheidsrjochten te ferbetterjen: beskerming en befoardering fan taalrjochten en lykweardigens foar elke EU-boarger. Mei dizze foarstellen wol de Minority Safepack misstannen oanpakke. Sa behannelje de foarstellen de befoardering en beskerming fan it ferskaat fan kultuer en taal; gelikense tagong foar stipe foar de mienskippen; in sintrum foar taalferskaat; en de rjochten om media oer de grins te brûken. Foarbylden Dat rychje rjochten seit faaks noch net genôch. Hokker gefolch soe soks hawwe? Yn Fryslân wie der in soad te dwaan oer de alarmsintrale: mei der no wol of net Frysk brûkt wurde? Op libbensbedriigjende mominten is it krusiaal dat der op sintrales minsken binne dy’t de regionale talen ferstean kinne. Mei de Safepack Initiative kin it brûken fan de regionale talen yn sa’n sitewaasje beskerme wurde. Wy kinne ek wat fierder sykje; Dútsktalige minderheden - sa’t ik sei - sitte hast oeral yn Europa. Lykwols kin sa’n taalminderheid faak net gebrûk meitsje fan Dútske online media, omdat dat blokkearre wurdt mei ‘geoblocking’ (witst wol, dy pop-up “deze content is niet in uw land beschikbaar”). Sa kin in lytse Dútske minderheid yn in úthoeke gjin gebrûk meitsje fan besteand skoalmateriaal, wylst se sels ek net grut/fermogend genôch binne om dat sels te meitsjen. De Minority Safepack is dêrom tsjin geoblocking om sa minderheden te stypjen yn materiaal en media. Dêrom: Minority Safepack De wrâld en de EU hat in rykdom oan ferkaat yn talen en kultueren. Spitigernôch wurde de nasjonale minderheden en taalminderheden net yn alle gefallen respektearre. Yn in soad gefallen binne har taal en kultuer sels bedrige. As wy it Europeeske ferskaat bewarje wolle, is it tiid om de wearden fan de minderheden te erkennen en te stypjen. It Minority SafePack Initiative wol fan nimmen wat ôfnimme, net fan de mearderheid fan de befolking en ek net fan Mandeguod 51

54 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication