55

Europa. It wol inkeld in bydrage leverje oan it kultureel en taalkundich ferskaat. Wa kin tekenje foar Minority Safepack? Wa’t EU-boarger is en stimrjocht hat, kin de Minority Safepack ûndertekenje. Ek nonEU-boargers kinne it ûndertekenje, mar dan telt de hântekening net as jildend, mar as stypjend. Undertekenje kin online op www. minority-safepack.eu of op ‘e papieren formulieren (del te laden op deselde webside). By it Mantgumer Tippen Hoe kinst tekenje foar de Minority Safepack? Dat kin online op www.minority-safepack.eu. Dêr kinst it ynisjatyf ûndertekenje as EUboarger, mar ek ast net in boarger yn de EU bist (dan telt de hântekening net mei yn de 1 miljoen). Klik op it knopke dat fan tapassing (“EU member states”) is en selektearje dan it formulier fan it lân dêr’st boarger bist (Nederlân). Ek kinst op dy site de formulieren dellade foar wa’t it net digitaal ûndertekenje wol/kin. Mear ynformaasje Mear ynformaasje en de formulieren binne te finen op: www.minority-safepack.eu Wolst mear witte oer de organisaasjes YEN en FYK? Youth of European Nationalities: www.yeni.org Frysk Ynternasjonaal Kontakt: www.fyk.frl Ek meie jimme my altyd fragen stelle! Dat kin fia ydwine.scarse@yeni.org Ydwine Scarse Mandeguod 53

56 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication