46

46 Mandeguod Ambysje Wy Mantgumers hearre sûnt in pear jier by Ljouwert en dêr binne wy ek tige wiis mei, want dizze gemeente hat èchte ambysjes! Dat om dy ambysjes ek wier te meitsjen de ûnreplikguodbelesting fiks omheech moast, mei hinnebruie. Lêsten stie it yn ’e âld Ljouwerter: der wurdt op it gemeentehûs serieus neitocht oer de herbou fan ’e stedspoarten, dit hawwe se fêstlein yn in Ambitiedocument! Ja ja, hjir yn Mantgum binne krekt in protte strjitlantearnen fernijd, ek dy tsjinoer ús hûs en op’e Fearhûshoeke, mar hawar, de stedspoarten steane ek op it listke fan “nog uit te voeren werkzaamheden”. It plaatsje by it kranteartikel lit krekt de moaiste fan’e fjouwer stedspoarten sjen, de Wurdumerpoarte, bysûnder detailleare tekene troch Sjoerd Bonga, likernôch 1830, flakfoar’t de gemeenteamtners fan doe de hammer en it brekizer loslieten op dit fraaie renaissancebouwurk. Yn ’e grûn njonken it eardere Amicitiagebou sitte noch altiten wat fundamintresten yn’e boaiem, men soe der sá wer op trochmitselje kinne, dat skeelt ek wer yn ’e kosten. Okee, dy poarte sit dan deun by it Beursgebou en ek it bolwurk wêr’t de poarte yn siet, sil wol de nedige strukturele problemen opleverje, om noch mar net te praten oer de yngong ta de parkeargaraazje, mar wa wit kinne der wat wurksumheden kombinearre wurde om de kosten te drukken. De herbou fan’e Frouwepoarte soe yn dizzen simpeler wêze, de romte fan ’e eardere poarte is net botte beboud, in pear diken omlizze soe de saak al tige ferienfâldigje en ek hjir sitte noch fundamintresten yn’e grûn, dat de boufakkers soene takomme moanne wol los kinne. Wurdumer Poarte Machtich, hin, dy ambysje fan ’e grutte stêd! Hjir sitte dy djoer betelle amtners dus oer te kedizen op it gemeentehûs. “En eh, Tiekstra, hoe denke jou over de kleuren fan ’e kesinen fan dy beide torentsjes? Mutte dy wynwizers oek terug?” Ja, ambysje, dêr hawwe se yn Ljouwert net oer te kleien! Mar wêrom

47 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication