56

56 Mandeguod Ferhúzje yn Brexit-tiid Poes Evert wie yn desimber 2020 al emigrearre út Cornwall wei nei Nederlân. Fóár de Brexit-perikelen, foar it gefal dat it earme bist ek noch yn karantêne moatte soe. Ek de pear flessen whisky dy’t Nelleke as presintsje foar Rik meinommen hie fan har wurkreizen nei de Orkneys en de Shetland Islands binne tagelyk mei poes oerstutsen nei Nederlân – ek foar it gefal dat de Brexit-douaniers dêr noch ris wer belesting fan ha woene… Foar de eigeners fan Evert de poes, Nelleke en Rik van der Pluijm, kaam de oerstek út Brexit­country pas in pear moanne letter, yn febrewaris 2021. Trije jier lang hiene Nelleke en Rik yn Cornwall wenne. A tiny cottage, in the middle of nowhere, by Bodmin Moor, wie har thús. Mei skiep en highland cows dy’t dêr oeral los rûndoarmen. Cornwall, in prachtich gebiet. Yn earste ynstânsje soene se mar in pear moanne yn dizze lytse cottage wenjen bliuwe, mar úteinlik ha se dêr trije jier har domisylje hân. It wurk fan Nelleke hie harren út Grins wei nei Cornwall brocht: hja wie Regional Curator Cornwall by The National Trust yn Ingelân. The National Trust is in charitative ynstelling mei as doel it behâld fan gebouwen en gebieten dy’t fan histoarysk belang binne. Yn dizze funksje moast hja it kultureel erfgoed yn Cornwall beskermje, promoate en by inoar bringe. It wie in oerkoepeljende rol sawol strategysk as ynhâldlik om bygelyks ferhalen, de taal, de huzen, it lânskip by inoar te bringen. Of it gie soms om it oplossen fan de fraach wat der barre moast mei de kolleksje fan in lânhûs. Cornwall hat ek wol wat fan Fryslân fynt Nelleke: der wurdt dêr ek in minderheidstaal praat, en se sitte fier fan it sintrale regear ôf. Se hawwe in wat oare skiednis as de rest fan it lân. Natuer is wichtich, toerisme ek, en twadde huzen soargje ek foar tsjinstellingen yn in krappe wenningmerk.

57 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication