februari 2022 57 Cornwall joech Rik en Nelleke eins ek in fakânsjegefoel: se ha dêr in protte kuiere en surft. Romte en wetter by ’t soad. Akademy In nije baan foar Nelleke as direkteurbestjoerder fan de Fryske Akademy brocht har en Rik wer nei Nederlân. Wiene se yn de preBrexitperioade sûnder al te folle rompslomp nei Ingelân ta ferhuze, yn it foarjier fan 2021 wie de Brexit in feit mei as gefolch dat se steapels papieren foar harren sels en it húsrie ynfolje moasten. Boppedat wie it yntusken ek noch koroanatiid wurden, mar lokkich hoegden se sels net yn karantêne. Famylje yn Hengelo – it berteplak fan Rik en Nelleke – hat harren yn earste ynstânsje in tydlik ûnderdak jûn. De huzejacht dy’t dêrnei folge brocht har nei Mantgum. Se ha noch wol in kear boppe Ljouwert sjoen, mar se komme beide út in streek mei dochs wol in soad bosk en begroeiing, en dan lokket it dêr oan de flakke en keale noardkant fan Fryslân eins net sa bot. Fia fiere famylje hiene se al wat oer Mantgum heard, en doe’t der in hûs te keap kaam oan It Bosk ha se tahapt. Foar Rik is it ferhúzjen yn ferbân mei Nelleke’s baan net sa’n grut beswier: hy is skilder en grafysk ûntwerper, wurk dat him net oan in fêst wenplak bynt. “Maar ik heb nu wel een atelier: de schuur naast het huis, dat we meestal ‘het hok’ noemen”, wriuwt Rik him yn ‘e hannen. Dêr moat wol by oantekene wurde dat der noch gjin ferwaarming yn sit, dus foarlopich wurket er noch gewoan yn ‘e hûs. De romte tusken it hûs en de garaazje tsjinnet no as syn wurkromte. As grafysk ûntwerper makket er bygelyks de layout fan boeken, mar benammen wol er begjinne oan in nije searje skilderijen. De nije baan by de Fryske Akademy past presys by Nelleke. De Akademy rjochtet him op wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske taal, meartalichheid en regionale skiednis. Nelleke is wittenskipper: se hat Aldgermaanske en Skandinavyske talen, skiednis en argeology fan de midsiuwen studearre en se hat û.o. ûndersyk dien nei de aspekten taal en kultuer yn de Fikingtiid yn it doedestiidske Fryslân. Yn 2017 is hja promovearre op it proefskrift ‘Central because Liminal. Frisia in a Viking Age North Sea World’. →
58 Online Touch Home