58 Mandeguod Boppedat hat se ferskate publikaasjes oer û.o. it eardere Fryslân op har namme stean. Se fielt har dus op har plak by de Akademy. Der wurkje dêr sa’n 45 minsken (net elkenien wurket full time) dêr’t Nelleke stjoer oan jout. Ien fan de dingen dy’t by dizze funksje hearre is fansels it Frysk: in goeie lesjouster hat Nelleke flot it Frysk praten bybrocht. “En dat oefenje ik no hast alle wiken troch in kolumn te meitsjen”, fertelt Nelleke. Harkje mar ris nei har kolumns dy’t se alle wiken foar Omrop Fryslân presintearret yn perfekt Frysk – no foaruit: sa no en dan noch wat mei in aksintsje, mar dat mei hinnebruie. Rik doart it Fryskpraten lykwols noch net oan: “‘Daar waag ik me nog maar niet aan, ik begrijp bijna alles nu wel, maar spreken…” Nelleke wol noch wol besykje om it ûnderskied op te pikken tusken it ‘swiere’ klaaiaksint en it ‘lichtere’ wâldfrysk. It is noch ôftaasten hokker wurd (saterdei of sneon) en hokker útspraak (hy, my en sy of it fonetysk klaaiske: hij, mij en sij) yn it wâldfrysk of it klaaifrysk thús heart. Wol falt it harren op dat in soad Friezen, ek ymportFriezen, Frysk prate – posityf fine se dat. Weromkommen Fóár harren tiid yn Cornwall hawwe Rik en Nelleke ek al koart yn Fryslân
59 Online Touch Home