59

februari 2022 59 wenne, yn Noardburgum. Nelleke wurke doe ek yn Fryslân: hja hat 7 jier Konservator Terpekultuer en Midsiuwen west by it Frysk Museum. It is dus ek wol in bytsje ‘weromkommen’, al wennen se foar harren tiid yn Cornwall yn in Grinzer flat. Nelleke’s niget oan minderheidstalen, Skandinavyske talen en ek it (Ald­) Frysk is eins al op jonge leeftyd begûn doe’t se nei de middelbere skoalle fia in útwikselingsorganisaasje in jier yn Noarwegen trochbrocht hat. Se wenne yn by in Noarske húshâlding, en dan prate je nei in jier wol aardich Noarsk. Ja, jout se ta, sa hat wol wat in ‘taleknobbel’. En no wenje se dus yn Mantgum. Yn it hûs dat yn lang ferfleine tiden in kroech west hat, sa hiene se al fan ferskate kanten heard. Mei in smûke achtertún dêr’t je in aardich frij útsicht ha en in soad sinne. En mei bêste stive swiere klaaimodder, sa hat Rik al murken doe’t er mei de hage oan ‘e gong wie… De →

60 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication