20

Hassiebassie kuiertocht bringt 2800 euro op foar Kenia Op 31 desimber ha wy foar de tredde kear de Hassiebassietocht organisearre. Foarôf hienen wy ûngefear rekkene op sa’n 150 dielnimmers, der wienen 200 minsken. Dat betsjutte wol it ien en oar foar de organisaasje dy dei, mar wy wienen der fansels hiel wiis mei. By dizze tank oan alle minsken dy’t meirûn hawwe en elkenien dy’t op hokfoar wize dan ek, meiholpen ha by de organisaasje. Sûnder jim wie it noait sa’n moaie dei wurden! Rûn 13.30 oere klonk it startskot, fersoarge troch de pleatslike karbidploech en dêrnei binne beide kuierôfstannen útein setten. Foar beide rûtes wie der ûnderweis in hapke of in drankje te krijen en wie der wat ferdivedaasje. By de 2,5 kilometer koenen de dielnimmers op ‘e skuorrereed in slokje fan ús krije en in oaljekoek oanbean troch de keats – en kuorbalferiening. De muzikale omlisting waard dêr fersoarge troch Lys Scarse. Sy siet mei in akkordeon yn in besmoute karre en hie sels har eigen tekst makke om de dielnimmers oan te moedigjen. De kuierders dy’t de tsien kilometer rûnen, koenen ek op de Skuorrereed in drankje helje. Foar harren wie de folgjende stop op de Dille by Easterwierrum. Dêr wie in draaiend rêd en dêrmei wienen ferskate ludike prizen te winnen. Noch wat fierder, by it Mantgumer húske koenen de minsken waarme poeiermolke krije en koenen se nei it fantastykse sjongen fan it popkoar Blinder harkje. 18 Mandeguod

21 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication