31

Witte jim… dat? it tsjerke ynterieur wol wer in beurt ha kin? Dit yn in it kader fan NLdoet oppakt wurde sil op 15 en 16 maart? Hâld jim aginda op dizze data frij! Yn het maartnûmer mear hjir oer. Schoonmaakdata kerkinterieur 15 en 16 maart! Zet deze data alvast in uw agenda. Witte jim…dat? de Mandeguod lokkich wer in nij redaksjelid foarstelle kin? En dat dit Maaike Kuipers is? Dus foar fragen of meldings kin in elk ek by har terjochte! Witte jim…dat? it no beslist tiid wurdt dat Frits, ús foarmjouwer, no ek stipe krijt by syn wurk foar de Mandeguod? Hy beslist ree is om ien yn te wurkjen yn it foarmjaan fan ús moaie doarpsblêd? Hy sadwaande dan ek in kear op fakânsje kin wannear it him útkomt? Witte jim…dat? it stikje yn it jannewarisnûmer oer de brânwarauto's in 'anonime' ynstjoering wurden wie omdat de skriuwster - Lys Scarse - fergetten hie har namme der ûnder te setten? Witte jim …..dat? Mantgum foar inoar al bot ynbêdde is yn de strjitten It Stalt en It Soal? Dit omdat Anna Christien en Huib elts jier de bewenners fan dizze strjitten útnoegje foar in nijjiersslokje? Ek dit jier wer tige slagge is en de oanwêzigen dizze tradysje oh sa op priis stelle? Mandeguod 29

32 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication