33

Witte jim…. dat? deselde strjitten ek geregeld in barbeque organisearje? Dit troch omstannichheden no in pear jier net bard is mar it dit jier beslist wer wêze sil? Witte jimme… dat? de redaksje hearde dat de frustraasje yn bepaalde strjitten yn Mantgum bot tanimt? En dit komt omdat dêr geregeld grutte frachtweinen ûnnedich trochhinne ride? Witte jimme… dat? itselde ek jildt foar de baaskes dy’t mei harren leave hûnen de stoepen ûnfeilich meitsje trochdat sy dêr fan alles achterlitte? Dat dit ek net altyd opromme wurdt? Miskien in moaie útdaging foar de baaskes yn it nije jier… Witte jimme… dat? itselde jildt foar de hynders en pony’s dy’t mei de bern troch it doarp kuierje? In pracht gesicht fansels mar de hynders dêr ek wolris wat efter litte…. en dit net opromme wurdt? Mandeguod 31

34 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication