9

Tusken Tsjerke en Kroech 2019 Op sneon 6 april 2019 hawwe wy wer ús jierlikse kulturele kuier troch Mantgum, dit jier al wer foar de achtste kear! Yn grutte halen hawwe wy it program foar de kommende edysje al wer klear, de lokaasjes en de optredens moatte noch op inoar ôfstemd wurde, mar it program stiet yn'e grûnferve, de deklaach kin der hast oerhinne. It hiele barren is in behoarlik grutte logistike operaasje en dêrom wolle wy ek graach in berop dwaan op frijwilligers dy't ús helpe wolle mei a. it itensieden foar ús mienskiplik miel yn de Wjukken, in tradysje dy't wy der graach ynhâlde wolle. Fan jim wurdt ferwachte dat jim foar tsien persoanen itensiede, de kosten foar de ingrediïnten wurde fergoede troch it bestjoer. Jimme kinne jim opjaan op frisia1874@gmail.com, mei fermelding fan "frijwilliger itensiede". b. Wa't ús helpe wol mei it ferkeapjen fan sûkelade Peaske-aaikes kin him/har op itselde e-mailadres oanmelde, mei de fermelding "peaske-aaikes". c. Der binne ek altiten minsken nedich foar de omballingen, bygelyks it rûnbringen fan stuollen nei de lokaasjes. Ek hjirby is help altiten wolkom! Ek dêrfoar is frisia1874@gmail.com wol te brûken, ûnder fermelding fan "omballingen". Wy krije op dit e-mailadres in protte digitale post binnen en dan is it fermelden fan it ûnderwerp tige handich! Sa, dit wie yn it koart de earste ynformaasje. Ynkoarten krije jim fia de Mandeguod mear ynformaasje, wy hoopje dat ek dit jier it folk "machtich as miggen" op ús TTeK ôfkomme meie, op 6 april 2019! It bestjoer fan Frisia1874 Mandeguod 7

10 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication