“hoeveel lawaai staat achter de stilte” (sitaat út gedicht fan Monique) Myn each foel tafallich op de rouadvertinsje yn de Ljouwerter krante: ‘Algemene kennisgeving’. Och hea, ús âldbuorman. It is al sawat 25 jier lyn dat er ferhuze út Mantgum wei, mar dochs... We koene it altyd goed mei him fine. Hy hat 10 jier neist ús wenne, 5 jier mei syn frou en de beide famkes, en doe’t de húshâlding út inoar spatte, noch 5 jier allinne. Mei syn hûntsje. We hiene him al yn gjin jierren mear sjoen, mar op de iepen monumintedei yn septimber stie er opiens op ‘e stoepe. Hy woe noch efkes op it âld stee sjen. Lang ha we net praat, want wy hiene it hûs fol mei Ingelske útfanhûzers, bern en pake- en beppesizzers. Mar dat wie syn bedoeling ek net, hy kaam allinne mar efkes lâns, seid er. Hy wie âlder wurden. Mar dat sizze se ek fan my as se my yn tweintich jier net sjoen ha. Mei myn emailadres yn ‘e bûse is er ôfstutsen. En dan in pear moanne letter sa’n rouadvertinsje... David en ik ha mekoar ris oansjoen – we geane wol nei syn begraffenis, ha we besletten. De beide famkes soene der faaks wêze – ek al binne dat no al froulju fan begjin fjirtich. Doe’t we it Ljouwerter útfeartsintrum binnenstapten seagen we in bytsje ûnwennich om ús hinne, der wie ien mefrou en der stiene in stik as tsien kofjekopkes klear. Wiene wy wol goed? “Wy komme foar de begraffenis fan ús âldbuorman.“ “Wat mooi dat jullie er zijn,” sei de mefrou. “Blij dat jullie er zijn. Want dit is wat je noemt een ‘eenzame uitvaart’”. Hja stelde har foar: Monique, keunstneres en dichteres. Hja skriuwt foar sokke gelegenheden gedichten en mei Gerrit fan it útfeartsintrum soargje hja foar in weardige útfeart. En sa bedarren we yn in wrâld dêr’t je faak neat fan witte. As der immen komt te ferstjerren dy’t nimmen hat – gjin famylje, kunde of freonen – dy’t foar de útfeart soargje wol of kin, dan komt de gemeente yn aksje. It is de gemeente ek dy’t in rouadvertinsje yn de krante set. Mei as effekt dat der dan soms dochs noch âlde kunde of buorlju fan eartiids komme. Krekt as yn it gefal fan ús âldbuorman. Want justjes letter kaam der in âldere mefrou binnen dy’t har foarstelde as syn achternicht, en doe kaam der nòch immen binnen: Koos, in kunde fan David syn natuerklub. Koos wenne yn Ljouwert tsjin ús âldbuorman oer. Mar dat wisten we net fan elkoar oant dy dei. Mear minsken kamen der ek net. Monique fertelde dat de beide dochters oanjûn hiene dat se net komme soene. Dit alles makke de seremoanje lykwols net minder plechtich. Mei ús seizen yn in sfearfol sealtsje, Gerrit draaide in song fan Johnny Cash, Monique droech MANDEGUOD 9
12 Online Touch Home