15

Tusken Tsjerke en Kroech 2020 Op sneon 4 april 2020 hawwe wy wer ús jierlikse kulturele kuier troch Mantgum, it kommende jier al wer foar de njoggende kear! Yn grutte halen hawwe wy it program foar de kommende edysje al wer klear, de lokaasjes en de optredens moatte noch op inoar ôfstemd wurde, mar it program stiet yn'e grûnferve. Sa treedt bygelyks foar it earst Bennie Huisman op yn in edysje fan TTeK. En komme jim yn'e kunde mei in podcast! Ja, en ek Popkoar Blinder hat tasein! As bestjoer kinne wy fansels net alle dingen sels dwaan en dêrom wolle wy ek dit jier wer graach in berop dwaan op frijwilligers dy't ús helpe wolle mei: a. It itensieden foar ús mienskiplik miel yn de Wjukken, in tradysje dy't wy der graach ynhâlde wolle. Fan jim wurdt ferwachte dat jim foar tsien persoanen itensiede, de kosten foar de grûnstoffen wurde fergoede troch it bestjoer. Jimme kinne jim opjaan op frisia1874@gmail.com, mei fermelding fan "frijwilliger itensiede". b. Wa't ús helpe wol mei it ferkeapjen fan sûkelade peaskeaaikes kin him/har op itselde e-mailadres oanmelde, mei de fermelding "peaske-aaikes". c. Der binne ek altiten minsken noadich foar de omballingen, bygelyks it rûnbringen fan stuollen nei de lokaasjes. Ek hjirby is help altiten wolkom! Ek dêrfoar is frisia1874@gmail.com wol te brûken, ûnder fermelding fan "omballingen". Wy krije op dit e-mailadres in protte digitale post binnen en dan is it fermelden fan it ûnderwerp tige handich! Sa binne jimme wer efkes op'e hichte! Yn it maartnûmer fan Mandeguod fine jim de rûtes, sadat jim in kar meitsje kinne. It bestjoer fan Frisia1874 MANDEGUOD 13

16 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication