23

Súksesfolle, sinnige Hassiebassie kuiertocht It is al hast in tradysje: de Hassiebassie kuiertocht op âldjiersdei yn Mantgum. Ut de Wjukken wei wie der ek dit jier wer in moaie rûte útsetten, mei leuke aktiviteiten en fansels in hassiebassie ûnderweis. Op 31 desimber stiene der yn totaal 228 dielnimmers oan de start, 103 dêrfan rûnen de tsien kilometer. By teetún de Dille yn Easterwierrum stie popkoar Blinder foar harren klear mei in bakje kofje of in hassiebassie. Efkes fierderop, by de Swette del, bliek in PFAS-sône te wêzen, eltsenien waard scand troch mannen yn wite pakken, wat ta in soad wille late. Wannear ’t jo troch de scan kamen stie der lokkich sjokomel of in hassiebassie klear. Om twa oere starte de 2,5 kilometer kuierjen en de 15 kilometer hurdrinnen. Foar de 110 dielnimmers oan de 2,5 kilometer wie der in speurtocht útsetten. De bern, en folwoeksenen fansels, moasten foto’s yn goede folchoarder sette. Fierderop wie der in gesellich plak ynrjochte dêr’t elts in hassiebassie, sjokomel of limonade krige, mei moaie muzyk fan in trekharmoanika op de eftergrûn. Nij dit jier wie de hurdrinfariant. Tsien dielnimmers seagen it sitten om 15 kilometer hurd te rinnen, gjin wedstryd, mar lekker hurdrinne oer Weidum, lâns de Swette om sa by de Dille út te kommen. Sy krigen fansels ek in hassiebassie foar de lêste kilometers. Tusken trijen en fjouweren kamen de dielnimmers wer binnen en dêr stie foar elts in hearlik komke snert klear. Doe’t elk binnen wie en de snert op, kaam de boargemaster fan Súdwest Ljouwert om de trekking fan de Hassiebassie-lotterij te dwaan, der wiene prachtige prizen te winnen lykas in middei skûtsjesilen en in wykein Texel. Foar wa’t woe, wie der fansels ek noch in hassiebassie of wat oars oan de bar te krijen en der koe in plaatsje oanfrege wurde bij de Hassiebassie-jukeboks. Sa waard it stadichoan tsjuster yn Mantgum, nei in prachtige, sinnige dei. Mei de Hassiebassie 2019 is € 2.193,76 ophelle foar stifting Doch Dyn Dream. Dizze stifting bout in skoalle foar weesbern yn Kenia. Yn febrewaris sille út Mantgum wei Jehannes Arendz, Adelma Hoekstra en harren dochter Bregt tegearre mei 5 Easterwierrumers (te witten: André en Tsjitske Bootsma, Peter Zijlstra, Fetsje Anema en harren soan Jelle) sels nei Kenia ta om dêr it dak op in nij skoalgebou te setten. Mear oer dit projekt kinne jimme lêze op www. dochdyndream.nl Elts dy’t dizze dei meirûn of holpen hat, wolle we lâns dizze wei dankewol sizze en oant 31 desimber 2020! MANDEGUOD 21

24 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication