45

Oaljekoeken 2020! Aldjiersdei ha de leden fan keatsferiening Jacob Klaver en kuorbalferiening WWC wer alderhearlikste oaljekoeken oan it bakken west. Dit jier krekt wat mei in oare tarieding as de foargeande jierren. Dit jier binne we earder begûn. Al om 1 oere wie it earste lid yn de Wjukken om te begjinnen mei de tariedings. De frituerbakken waarden alfêst oan setten en de miks waard makke. Om 3 oere waard útein set mei it bakken fan de oaljekoeken. Mei in moaie ploech minsken waarden der al gau hearlike oaljekoeken bakt. Tuskentroch kaam Omrop Fryslân noch efkes del om te filmjen hoe’t dizze dei der foar ús leden út sjocht en fansels om ús oaljekoeken ek efkes te priuwen. Foar 10.00 oere koene de minsken thús al genietsje fan dizze oaljekoeken en ek kamen de minsken al gau nei de Wjukken om harren oaljekoeken op te heljen. It bakken gie wer hartstikke bêst en om 12.00 oere hinne wiene de lêste oaljekoeken klear. Noch efkes opromje en skjinmeitsje en dizze ploech fantastyske frijwilligers koene dit jier ek meirinne mei de Hassiebassie tocht en dêrnei genietsje fan in fertsjinne drankje. Dit jier is der in prachtich bedrach fan € 509,46 per feriening ophelle troch it bakken fan dizze oaljekoeken! Beide ferienings binne hjir tige wiis mei!! Wol wie it nedich om ien fan de frituerbakken reparearje te litten wat spitigernôch wol wer in aardich bedrach fan ús opbringst ôfhelje soe. Bakker Vakkeuken út Berltsum hat dizze reparaasjekosten sponsere. Beide ferieningen kinne hjirtroch elk de € 509,46 op harren rekken byskriuwe. Wy wolle Bakker Vakkeuken tige tank sizze foar harren sponsoring. Ek wolle wy alle briefkeophellers, oaljekoeken-rûnbringers, bakkers, miksers, mar foaral ek de minsken dy’t ús oaljekoeken kocht ha en hjirmei ús stipe ha tank sizze. Troch jim kinne we wer fantastyske aktiviteiten dwaan en nije materialen oanskaffe! Mei freonlike groetnis, Keatsferiening Jacob Klaver en Kuorbalferiening WWC MANDEGUOD 43

46 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication