hâlde op en waard opfolge troch J.P. Postma. Ek Job Pierre hie in bybaan: krantebesoarger. It earste jier wie it bêste, it koe net op, as dochs wol?. It rommele wat: de saak ticht en wer iepen mei Reen. Iepen ticht, iepen ticht. Doe letter kaam Bonnema, foarhinne boer op Jeth, dy´t de saak oernaam. Ek de aktiviteiten feroaren net bot. ¨It hokje¨ op it sportfjild wie alkohol frij, want sa tocht men yn de sportklups doe, sport en alkohol heart net byelkoar.´Wa´t drinke wol giet mar nei de kroech nei it dûsen om de fochthúshâlding op peil te bringen. De jeugd en ek de âlderein dy´t fanút de Wjuk nei kafee Bonnema giene moasten dêr foar âlven binnen wêze oars koe der net mear besteld wurde. De Wjuk en Bonnema wie net in goed houlik, ek ôfspraken meitsje mei boer Bonnema oer it leverjen fan drank oan de Wjuk , dêr wie net oer te praten. Yn it lêst fan de tachtiger jierren wie der in ploechje minsken út de mienskip dy´t it plan opfette om de Wjuk te fernijen en wat mear by de tiid te bringen; dûsen foar de tennisklup, w.c. by de tiid bringe, gruttere seal ensfh. Arsjitekt G. Brouwer waard frege in plan te meitsjen. Dit plan waard presintearre oan it doarp en elts wie út de skroeven, in moai gebou mei in ¨moai kosteplaatsje¨. It die bliken dat de eksploitaasje net rûn te krijen wie en de opdracht waard werom jûn oan doarpsbelang. It bleau wat rommeljen tusken kroech en Wjuk, mei dûnsklup, toaniel en net wolkomme besikers fan it kafee. It siet doarpsbelang net lekker en yn 1994 waarden in pear minsken út Mantgum benadere om ris te ûndersykjen as de ek mooglikheden wiene op in oare basis dochs in doarpshûs te realisearjen. It ¨hokje¨ op it sportfjild waard ek al wat te lyts: te min plak foar materiaal, te min klaairomte, net in goede kantine, te lyts en folle net genoch. Dat gegeven plus de doarpshûswinsk wie in goede opstapper nei in lokaasjeûndersyk mei fjouwer mooglikheden fan bouwen. De foarkar krige it plak op it sportfjil en de tennisklup ek op dizze nije lokaasje, bestjoer en leden binne foar. Arsjitekt Brouwer wurdt benadere om in plan te meitsjen mei sa mooglik in ûntwerp yn de trant fan ¨ de Wjuk¨. Brouwer makket in ûntwerp en de dan te beneamen boukommisje besteande út 7 persoanen út de mienskip presintearret dit oan Mantgum. Unanym is elts fan betinken dat dizze plannen nei in folgjende fase moatte. Hoe komt it mei de eksploitaasje en de needsaaklike subsydzjes. februari 2015 Mandeguod 9
12 Online Touch Home