Nei in soad ¨massaazje¨ fan de politike partijen wurdt de oanfraach honoreare, dêr komme de provinsje en inkele oare fûnsen noch by. Der sille wy as mienskip ek in behoarlik part oan selswurksumens oan leverje moatte. Timmerman Klaversma wurdt in priis frege, mar sit te heech yn ´e beam en ek in twadde oanbod is troch de kommisje net te behappen. De kommisje kiest der dan foar om de hiele rezjy sels te hâlden en as oannimmer te wurkjen. Nei berekkeningen en oanbiedingen blykt dat it kin. De kommisje leit de plannen yn 1997 noch ien kear foar oan it doarp, elk is optein, ek de sportklups. We kinne los. In skoftke der foar stie der in stikje yn de krante oer de fersmoarge lucht yn it bernedeiferbliuw boppe de drukkerij. Op ien as oare wize ûntstiet der kontakt mei de direksje fan de berne-opfang en de boukommisje, mar it is wier wol tige urgint. It beslút waard nommen dat de berne-opfang in plak krije kin yn it nije gebou. Wol soe der noch in jier oerbrêge wurde moatte. Yn novimber 1998 stie in advertinsje yn de Ljouwerter Krante: In sportkantine dy´t mobyl makke wurde koe stie te keap. Nei´t in pear minsken der hinne west binne om te sjen waard de keap sletten. Mei in kraan waard it hiele spul op in djiplader takele en delset yn Mantgum en fierder geskikt makke op it parkearplak efter ¨it hokje¨. Tusken Kryst en Nijjier wie it klear. Yn de efterkant fan in klaaiboks waard in doar makke en ek de w.c.´s wiene brûkber. It wie foar de kommisje fan tige great belang dat it bernedeiferbliuw by ús gebou yn komme soe. It makke in slutende eksploitaasje mooglik. Doe´t dan ek yn ´e simmer fan 1999 it earste diel fan de Wjukken iepene waard, waard it bernedeiferbliuw as earste yn gebrûk nommen. februari 2015 Mandeguod 11
14 Online Touch Home