De skema´s fan frijwilligers dy´t al sûnt 1997 brûkt waarden moasten noch ien simmer en hjerst rieplachte wurde. Hûnderten Mantgumers hawwe in see fan frije tiid stutsen yn it wurkjen oan in eigen doarpshûs. It hiele doarp die mei oan dizze boppeslach, in ûnderkommen dy´t oan alle Mantgumer klups plak biede soe want, doe´t de baas fan it spul dhr Bonnema it fanwege de sûnens net mear behappe koe en letter nei ik skoftsje siikwêzen weirekke gie it kafee ticht. De sportklups dy´t ek by it ûntwikkeljen fan de plannen fan de Wjukken in moaie kantine krigen en riante klaaiboksen stimden der allegear yn mei om de opbringst fan ¨it hokje¨ yn te bringen. De boukommisje koe alles net út de kontbûse betelje. Dus moast ek de bank byspringe. It gebou Wjukken is dus net allinne fan de Mantgumers mar ek foar in part fan de Rabobank. De stifting kin eltse moanne noch betelje en skriuwt yn swarte sifers. Ek hjir hat eltse brûker fan it gebou in oandiel yn, sa´t dat yn 1997 oerienkommen wie. Dat moatte en kinne ek de klups net ferjitte, ek dat is mienskip. Ofrûne jier 2014 is it âlde kafee hiel moai opknapt troch de soan fan Bonnema, it hat Mantgum wer in stikje moaier makke. In gouden stikje partikulier inisjatyf, in plak wer´t ek wer biljerten wurde kin en fergadere. Dat inkele klups dêr hurddravend nei 6 jier Wjukken hinnegien binne fanwege de ¨gesellichheid¨ is harren rjocht. Mei mienskip hat dat net folle te krijen. Bliuwt fansels de opjefte meielkoar de tinte draaiende te hâlden en dit helpt net. As de nije bewenner it oer in skoftsje net mear opbringe kin ferkeapet hy it oan de meast biedende en is it mooglik gjin kafee mear. (sjoch wat der bygelyks yn Menaam bard is). Wy hawwe mei de Wjukken in gebou foar de mienskip en meielkoar oparbeidzje is mienskip. Net efteromsjen en âld sear meinimme yn dizze nije tiid mar gearwurkje fersterket de mooglikheden fan ús mienskip. Pak it beet!! Teake Oosterbos februari 2015 Mandeguod 13
16 Online Touch Home