Love on top yn Weidum Gjin standert falentynskonsert fan Harmonie Weidum dit jier, mar in wiere ûnderfining. As taskôger wurdst meinaam lâns tema’s as ferealens, lust en drama op lokaasje. Sa kuierest fan doarpshûs nei tsjerke wêr’t op lokaasje ynteger en útbundich ôfwiksele wurde. It festiValentijn is in lytsskalich opsetten festival ta eare fan de leafde yn al har fasetten en in gearwurking tusken Malletband en Fanfare. Dizze koöperaasje is in útdaging foar de 117 jierrige muzykferiening mar skept ek nije mooglikheden. Sawol muzykleafhawwers as libbensgenieters sille dizze jûn mei in protte niget ûndergean. Yn it gefariearde program hearst in grut ferskaat oan nûmers foarby kommen. Bygelyks in klassiker as ‘Too much love will kill you’ fan Queen, de hit ‘Mag ik dan bij jou’ fan Claudia de Breij of it betsjoenende ‘1000 years’ fan Christina Perri. Alle muzyk is spesjaal foar it festiValentijn arranzjearre troch Ria Fennema en Martijn Oostra. Yldau Bijlsma, Jasmin Lukkes en Wybo Smids nimme de sang foar harren rekken. Sjoerd en Tsjerk Bottema liede dy lâns muzyk, poëzij en tema’s mei as reade tried in leafdesferhaal, skreaun troch Annemiek Schuurman, wat jin net ûnoandien lit. Kaarten ynklusyf konsumpsje kostje €15,- en binne te krijen fia www. harmonieweidum.nl. It festiValentijn start op 14 febrewaris om 21:00 oere yn it doarpshûs fan Weidum. www.mantgum.com 27
30 Online Touch Home