Itensiede foar Mantgum Sneon 11 april is it wer ‘Tusken tsjerke en kroech’ yn Mantgum. Teater yn tsjerke en dan mei syn allen waarm ite yn De Wjukken en dêrnei wer op paad lâns ferskate lokaasjes yn Mantgum. It is tradysje dat it iten klearmakke wurdt troch doarpsbewenners. De minsken dy’t ferline jier itensean ha, wurde troch ús benadere, mar wy sykje ek wer nije minsken dy’t itensiede wolle. Wat is de bedoeling? Betink in gerjocht en sied dat dan foar 10 minsken. Jo krije dêr in fergoeding foar. Op de ôfprate tiid bringe jo dat iten nei De Wjukken ta. Omdat jo dan de iepenings-act yn tsjerke net sjen kinne, omdat jo om dy tiid oan it itensieden binne, noegje wy jo út foar de generale repetysje yn de wike foarôfgeand oan de foarstelling. It jûnsprogramma kinne jo wol gewoan folgje fansels op 11 april. Koördinator Wy sykje noch in persoan (of in duo) dy’t it yn ûntfangst nimmen fan it iten yn goede banen liede wol op sneon 11 april. Dêr ha wy in draaiboek foar. Ynformaasje en opjefte graach by Frans Rodenburg: 06 – 511 20 121 We zoeken nog koks die een menu voor 10 personen willen koken tegen een vergoeding op zaterdag 11 april. Mensen die vorig jaar hebben gekookt worden door ons benaderd. U hoeft niet bang te zijn iets te missen van de voorstellingen, want u wordt voor de generale repetitie uitgenodigd in de week voorafgaand aan het evenement. Het avondprogramma kan wel gewoon gevolgd worden. Bovendien zoeken we nog een coördinator die de logistiek in goede banen wil leiden aan de hand van een draaiboek. Informatie en opgave : Frans Rodenburg 06 – 511 20 121. februari 2015 Mandeguod 39
42 Online Touch Home