Doarpskrante Jellum, Bears en Weidum wint priis bêste Frysktalige doarpssjoernalistyk 2014 Op de Nijjiersresepsje fan de gemeente Littenseradiel hat boargemaster Johanneke Liemburg in priis fan € 250,00 útrikt oan de redaksje fan doarpskrante Rûnkranter út Jellum, Bears en Weidum foar de bêste Frysktalige bydrage oan de 'doarpssjoernalistyk' yn 2014. De twadde priis waard ek wûn troch de Rûnkranter; doarpskrante Mandeguod út Mantgum wûn de tredde priis. Karkommisje De ‘Karkommisje Frysktalige doarpssjoernalistyk Littenseradiel’ dy’t alle bydragen besjoen hat, bestie út Djoke Kooijmans út Wommels, Sjoerd Bottema út Weidum en Jan Schotanus út Easterwierrum. Yn totaal waarden der 161 stikken ynstjoerd nei de kommisje, dy’t de swiere taak hie dêr de trije bêsten út te sykjen. Goede kwaliteit Sjueryfoarsitter Jan Schotanus: “It is moai om te sjen dat it nivo fan de stikjes omheech giet. De trije stikken dy’t nominearre wienen, fûlen op trochdat se de lêzer echt meinimme yn it ferhaal troch in persoanlike noat.” Top trije It stik 'Blik op it ferline - In wiidferneamd stasjon' út De Rûnkranter wûn de priis foar bêste Fryske doarpssjoernalistyk. It stik ‘Wat jonges dogge...’ út dyselfde doarpskrante waard twadde en it stik 'De propeller' út Mandeguod wûn de tredde priis. Sûnt dit jier wurdt it prizejild fan € 500,00 ferdield oer de trije winners. B&W hat dêrta besletten omdat ien priis gjin rjocht die oan de oare moaie Fryske stikken dy’t ferskine. De winner fan de earste priis krige in jildbedrach fan € 250,00, de twadde priis wie € 150,00 wurdich en de tredde priis € 100,00. It sjueryrapport It folsleine sjueryrapport fine jo (fanôf tiisdei 6 jannewaris) op de webside fan de gemeente, www.littenseradiel.nl. februari 2015 Mandeguod 3
6 Online Touch Home