Moaie opbringst út ferkochte oaljekoeken Op âldjiersdei 2014 gienen op ferskillende adressen de ljochten ier en betiid oan; it wie wer tiid om mei de tradisjonele oaljekoekaksje jild binnen te heljen foar KF Jacob Klaver en KV WWC. Ferskillende jongeren fan it keatsen en kuorbaljen ha al in oantal jierren oan it oefenjen west en nimme no sa stadichoan it stokje oer fan de âldere generaasje oaljekoekbakkers. Baasmiksers as Pier Fopma en Sjirk de Groot mochten dit jier lizzen bliuwe, want it miksen waard moarns om 5.45 oere troch de hearen Reinder en Jouke Bonekamp en Wisse Arendz op gong brocht. In oere letter kaam de earste groep bakkers. Nei alle tips en trúks foar de lekkerste en minst fette oaljekoek trochnommen te hawwen gie it los. Sa folgen al gau moai rûne, goed kleure en super lekkere oaljekoeken! Earst waarden de oaljekoeken foar Wiuwert en Britswert bakt, sadat dizze om goed 09.00 oere ophelle wurde koenen. Ek yn Mantgum waarden de measte oaljekoeken dit jier betiid rûnbrocht. De measte minsken út Mantgum helje de oaljekoeken sels op. Se sjogge dan dat op in gesellige wize oan it goede doel wurke wurdt. Ek ha je dan fansels hearlik waarme oaljekoeken. Om 12.00 oere kaam in nije ploech bakkers, sadat it Sinezen dit jier net troch gie. It binne lange dagen en de jeugd wol op âldjiersdei ek noch graach oare dingen dwaan. Om 16.30 oere waard der meiïnoar opromme, wer nei’t in lyts drankje nuttige waard op in tige slagge dei. De opbringst is oan it ein fan ’e dei faak noch net bekend, mar wy kinne no melde dat de opbringst foar de feriening in lytse e 500 is. Dat is wat minder as foargeand jier, mar beide ferieningen kinne dat jild goed brûke. Dêrom wolle wy Tom Trentelman, Remmelt Fopma, Jouke en Reinder Bonekamp, Wisse Arendz, Marijke Sybrandy, Maaike Faber, Rixt Kuperus, Petra Dijkstra, Janna Nynke van der Berg, Jennie Terpstra, Janna Fopma, Bregt Arendz, Marijke Keuning, Amarins de Groot, Fardau van der Mark, Gjalt de Groot, Jelle Terpstra en Thomas en Matthijs van Keulen tige betankje foar de hearlike oaljekoeken. Net ûnbelangryk: wy wolle alle oaljekoek-iters fan Mantgum, Wiuwert, Britswert en fiere omkriten betankje foar harren stipe! Graach oant oar jier! Ut namme fan KF Jacob Klaver en KV WWC Baukje Stienstra februari 2015 Mandeguod 5
8 Online Touch Home