In libbenlang taal en muzyk Under boppesteande titel komt Hindrik van der Meer yn de doarpsherberch fan Jorwert mei in tige ôfwikseljend programma fol mei muzyk, poëzy en ferhalen. Hy nimt ús fertellend, sjongend en spyljend mei yn in reis troch syn libben. Wy komme yn’e kunde mei syn grutte rippertwaar oan bernelieten, gedichten, musicals. Ek de literêre bustochten en de tiid dy’t frou Beitske en hy trochbrochten yn Papoea wurdt oanstipt en as fansels wurdt der ek mei elkoar songen. Plak : Café Herberg Het Wapen van Baarderadeel te Jorwert Datum : 11 febrewaris 2016 Tiid : 14.00 ûre De tagong is gratis. Yn ferbân mei de romte wol graach oanmelde foar 5 febrewaris 2016 . Dit kin mei de e-mail: info@seniorenlittenseradiel.nl 058-2501303 Ek kinne jo ûndersteand strookje opstjoere nei: Senioren Platform Littenseradiel T.a.v. Mevr.N.H.Bijma- Marra It Stalt 14 9024BX Mantgum Middei mei Hindrik v.d. Meer Namme : Adres : Tillefoan : Mandeguod 11
14 Online Touch Home