17

Tryater - Heimwee nei Hurdegaryp A trip down memory lane Heimwee nei Hurdegaryp is wer werom! Nei suksesfolle foarstellingen op Oerol en yn it eigen gebou reizget Tryater no mei it stik troch Fryslân. Méi nei ôfrin Café Heimwee, om it gefoel fan doe noch éven fêst te hâlden...Jim kin dan jim eigen plaatjes oanfreegje! De rook fan krekt meand gers, it roppen fan bern op it skoalplein, it geloksgefoel fan sleatsjespringe, beltsjedrukke, in ferske fan doe: Hoe is it om de ferlerne tiid op ‘e nij mei te meitsjen? Om wei te wurden yn swiete oantinkens, pynlik langstme en de wyn waaie te litten as yn de tiid fan doe. Heimwee nei Hurdegaryp hellet in ferline út inoar dat inkeld noch mar bestiet as in tizeboel fan tinzen. Twa akteurs sette alle sintugen iepen, litte alle wissichheid los en ferkenne de úteinen fan har bewustwêzen. Mar binne oantinkens eins wol betrouber? Hoe wie it ‘echt’? In nostalgyske trip oer langstme nei in thúsgefoel, dêr’t werklikheid, oantinken, dream en yllúzje yn troch elkoar rinne. Mandeguod 15

18 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication