39

Oaljekoeken 2015 Ek dit jier kamen der op âldjiersdei wer in ploech minsken betiid út bed om oaljekoeken te bakken foar keatsferiening Jacob Klaver en kuorbalferiening WWC. Om healwei seizen stiene der yn de Wjukken al drok minsken beslach te miksen, sadat om sân oere de oaljekoekbakkers gelyk los koene. It wie earst wer efkes sykjen, mar al gau waarden der al hearlike oaljekoeken bakt. Foar de kofje koene de minsken út Wiuwert/Britswert en Tsjeintgum/ Skillaerd al genietsje fan harren oaljekoeken. Nei de kofje waard it ek yn de Wjukken gesellich drok, eltsenien kaam harren oaljekoeken heljen. Mei in demonstraasje fan de brânwacht wie it in gesellige drokte yn en om de Wjukken. Rûn ien oere koene de bakkers genietsje fan Sinees, sadat se de lêste oerkes noch efkes trochbakke koene. Ek Mantgum koe foar fjouweren genietsje fan harren oaljekoeken en sa wie it in tige slagge dei. Nei it opromjen is der ôfslúten mei in ferstjinne borreltsje. De opbringst fan dizze aksje is noch net hielendal bekend, mar wol kinne we sizze dat beide ferienings rûn de € 450,- yn hun klubkas ferwachtsje kinne. Dit is wer in prachtich bedrach, wat beide ferienings goed brûke kinne. Wy wolle graach alle oaljekoekbakkers, rûnbringers, oprommers en oare frijwilligers tank sizze foar harren hulp dizze dei. Ek wolle wy fansels de oaljekoek leafhawwers tank sizze foar harren stipe! Oan’t takom jier! Út namme fan KF Jacob Klaver en KV WWC Lyssa van der Ende Mandeguod 37

40 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication