‘It libben is moai’, Dat seit de Joadske pianiste Alice Herz-Sommer. Ien fan de try-outs fan de foarstelling oer har libben, waard sneon 9 jannewaris yn de grutte seal fan De Wjukken spile. Mear as 100 taskôgers kamen op dizze jûn ôf mei myzykteater of oars sein: toaniel mei pianomuzyk. Want in toanielstik oer in pianospylster sûnder de fertolking fan dy muzyk, dat kin fansels net. ‘Life is beautiful’: sa’n útspraak fan in âlde frou dy’t weromsjocht op har libben, ferwachtest net te hearren fan ien dy’t yn in konsintraasjekamp sitten hat. In frou dy’t oer it hawwen fan hûnger fan harsels en har soantsje, allinne mar kwyt wol: ‘music was our food’. Muzyk dus om hûnger te ferdriuwen, om te treasten en om nije enerzjy te jaan. It libbensferhaal fan dizze frou lit sjen hoe’t yn har gefal muzyk yn de foarm fan pianospul, har der trochskuord hat. Troch it libben en troch de oarloch. De foarstelling is trijetalich : Frysk, Ingelsk en Dútsk en wurdt spile troch Klaasje Postma, mei muzikale oanfolling fan de tige firtuoas muzisearjende Pauli Yap. Pianomuzyk fan Bach, Beethoven, Schumann en Chopin wurdt linich troch it stik hinne frissele. Oan de hân fan sprutsen ynformaasje, muzyk, bylden, boeken en ien belangryk mailtsje, krijt it publyk in ynsjoch yn it libben fan dizze bysûndere pianospylster Alice Herz-Sommer. Toanielspylster Klaasje Postma hat Alice yn 2014 in mailtsje stjoerd oer har niget oan dizze frou en hoewol’t dizze beide minsken inoar net yn ‘t echt troffen ha, is der dochs in sprankeljende foarstelling út fuortkaam. Wurdt it publyk earst oan ‘e hân naam troch Klaasje en Pauli, op in stuit krûpt Klaasje yn ‘e hûd fan Alice, dy’t mei har 110 (!) jier oer har libben fertelt. Dat docht sy tige oertsjûgjend, dêr’t it publyk de sympaty en ynfielingsfermogen net fan ûntgean kin. It publyk wie swier ûnder de yndruk, fan dizze bysûndere persoanlikheid, sa treflik ferbylde troch toanielspylster Klaasje Postma en sa ferrassend begelaat troch pianospyljen fan Pauli Yap. Tekst/spul: Klaasje Postma / Piano: Pauli Yap Regy: Gerard Wolters / Einregy : Jos Thie Grime: Arjen van der Grijn / Formjouwing: Hadewych ten Berge Kostúms: Lidwien van de Veer / Fotografy: Jan Bensliman Artwork: Bernard Roorda Dy’t it stik noch sjen wol kin op de webside www.pier21.nl de spyllist fine. Wieke de Haan. Mandeguod 45
48 Online Touch Home